Meksikaanske gryp net fuort

06 maaie 2009 - 14:25

De GGD Fryslân hâldt noch altyd rekken mei in útbraak fan de Meksikaanske gryp. Neffens de Meksikaanske oerheid is de driging oer it hichtepunt hinne, mar de wrâldsûnensorganisaasje hat dêr twivels oer. Salang't dy de maatregels net ôfswakket docht ek de GGD dat net.

De GGD krige yn de ôfrûne wiken in lytste 30 tillefoantsjes oer de gryp. Minsken woene witte oft se noch gewoan op fakânsje kinne nei Meksiko of Amearika. Oant no ta is der noch net ien gefal fan de gryp yn Fryslân fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)