Aksje Harnzer ûndernimmers

© Omrop Fryslân
In tolvetal lytse ûndernimmers oan de Grote Bredeplaats yn Harns is mei in hantekenaksje begûn tsjin de gemeente. Se binne it net iens mei it beslút it sintrum yn de simmermoannen middeis ôf te sluten foar motorferkear. De Voorstraat en it plein binne resint foar mear as twa miljoen euro opknapt.
De protestaksje docht fertuten, want allinne al yn de bistewinkel fan Klaas Huizenga hawwe dizze wike 350 klanten tekene. Yn juny wurde de hantekens oerlange oan de gemeenteried fan Harns.