Mooglik dochs gjin play-offs
Sportklup Hearrenfean hoecht nei dit seizoen mooglik dochs net mei te dwaan oan de play-offs. It fuotbalbûn KNVB hat in brief mei in fersyk dêrta stjoerd nei it Europeeske fuotbalbûn, de UEFA. De KNVB wol dat de UEFA op 'e nij sjocht nei de regels fan de play-offs.
Sawol de KNVB as Hearrenfean ha problemen mei dy regels. Dêryn stiet dat Hearrenfean by ferlies yn de bekerfinale dochs meidwaan moat oan de neikompetysje foar Europeesk fuotbal.