Frachtwein by Akkrum yn feart

06 maaie 2009 - 09:53

In frachtwein fan de bakkerijketen Bakkerij Bart is woansdei op de A32 by Akkrum fan de dyk rekke en yn de feart bedarre. De wein wie ûnderweis nei Ljouwert en is yntusken fuorttakele.

De sjauffeur mankearret neat, mar hy wie dweiltrochwiet en krige op it plysjeburo in waarme dûs. Nei alle gedachten hat de hurde wyn in rol spile, mar de tachograaf wurdt ek noch neisjoen. Dêrop is te sjen oft de sjauffeur him wol oan de rydtiden hâlden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)