Boargemaster Haveman hâldt op

06 maaie 2009 - 09:38

Boargemaster Marian Haveman fan Frjentsjerteradiel hâldt op 1 jannewaris 2010 op. Sy hat sels har ûntslach yntsjinne. Marian Haveman is boargemaster yn Frjentsjerteradiel sûnt 1993. Yn 2008 wie se in skoft siik en hat se in soad neitocht oer har takomst. Dêr is úteinlik dit beslút útkommen.

Haveman besleat it beslút yntiids nei bûten te bringen, sadat der genôch tiid is om foar de riedsferkiezings fan takom jier in opfolger te sykjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)