SC Hearrenfean nei It Amelân

05 maaie 2009 - 23:42

De Sportklup Hearrenfean docht in part fan de tarieding op de bekerfinale fan snein 17 maaie tsjin FC Twente op It Amelân. Op woansdei 13 maaie makket de seleksje fan trainer Trond Sollied de oerstek en op freed 15 maaie is de weromreis.

Sollied wol yn alle rêst syn spilers tariede op de bekerfinale. Op sneon 16 maaie wurdt noch ien kear traind op It Fean. Dêrnei giet de ploech op reis nei in hotel yn de omkriten fan Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)