Winst jong Hearrenfean

05 maaie 2009 - 23:00

Jong Hearrenfean hat de lêste kompetysjewedstriid mei 1-0 wûn fan jong FC Twente. Xander Houtkoop makke op Sportpark Skoatterwâld yn de 41ste minút it iennichste doelpunt fan de wedstriid. De oerwinning wie fertsjinne. De jonge Feansters einigen as njoggende de kompetysje. Jong Ajax is de kampioen, jong RKC en jong FC Utrecht degradearje.

Op moandei 11 maaie spilet jong Hearrenfean noch de bekerfinale yn Waalwyk tsjin jong De Graafschap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)