Fryske finale bekertoernoai

Drachtster Boys-keeper Klaas Talsma bliid mei winst (foto Martin de Jong)
It KNVB amateurbekertoernoai krijt in Fryske finale tusken Harkemase Boys en Drachtster Boys. De Boys fan De Harkema wûnen tiisdei de heale finale mei 3-0 fan it Asser ACV. De goals kamen op namme fan Martijn Barto (twa kear) en Oebele Schokker.
Drachtster Boys wûn mei 3-2 fan SC De Jouwer. De sneons earste klasser wie dúdlik better as de haadklasser fan De Jouwer. De bekerfinale wurdt op 16 maaie spile. De lokaasje wurdt yn ûnderling oerlis bepaald.