Noardwâldster rydt man oan

© Omrop Fryslân
In man (41) út Frederiksoard (Drinte) is moandeitemiddei oanriden troch in frou (21) út Noardwâlde. De frou ried mei de auto oer de Keninginne Wilhelminaleane by Frederiksoard, doe't se ôfsloech nei in tankstasjon.
Se seach dêrby de brommerrider op it fytspaad net oankommen. It sicht fan de frou waard behindere troch in taksybus dy't neist de dyk stie. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de heup nei it sikehûs brocht.