Pieter Weening net yn de Giro

05 maaie 2009 - 13:42

Pieter Weening docht net mei oan de Ronde fan Italië, dy't sneon yn Venetië begjint. De 28-jierrige hurdfytser hat lêst fan swollerij oan it bil en is dêr moandei oan operearre.

De blessuere komt op it momint dat Pieter Weening nei syn earste Giro tawurke hie en boppedat goed yn foarm is. "It is net te leauwen, ik bin der hielendal klear foar en dan ynienen fielst dat der wat mis is", seit de no wer tydlik ynwenner fan De Harkema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)