Ferhuzing Koopman útsteld

Koopman BV yn Noordhorn (Grinslân)
De ferhuzing fan it haadkantoar fan transportbedriuw Koopman fan Noordhorn (Grinslân) nei Drachten is mei in jier útsteld. Oarsaak is neffens de direksje de ekonomyske krisis. Koopman is spesjalisearre yn ferfier fan auto's. Mar de lêste tiid komme der folle minder opdrachten.
Koopman hat al grûn kocht yn Drachten. It útstel fan de ferhuzing is yn oerlis mei de gemeente Smellingerlân gien. De bou fan it nije haadkantoar set no yn april takom jier út ein.