Peter v.d. Vlag nei BV Veendam

05 maaie 2009 - 11:05

Keeper Peter van der Vlag makket de oerstap fan Cambuur nei BV Veendam. Van der Vlag stie fiif seizoenen ûnder kontrakt by Cambuur en tekenet yn Veendam in kontrakt foar trije jier.

Van der Vlag giet dêrmei werom nei in klup dêr't er al earder spile. Dat wie tusken 1996 en 2003. Van der Vlag wurdt yn Veendam de opfolger fan Barry Ditewig, âld-keeper fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)