Tip oer fermiste man út Nes

05 maaie 2009 - 10:11

In oprop om ynformaasje oer de fermiste Wicher Heerma út Nes yn Dongeradiel op de webside transport-online.nl hat in tip opsmiten. In Nederlânsk gesin tinkt de kemper fan de 63-jierrige Fries moandeitejûn sjoen te hawwen yn Spanje. De tip is yntusken trochjûn oan de plysje.

Wicher Heerma wurdt fermist sûnt 26 april, doe't er ûnderweis wie by it Italjaanske Pompeï. De freonen dy't doe mei har kemper foar him rieden, rekken him kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)