Swart foarsitter Alderenbûnen

05 maaie 2009 - 09:59

Thomas Swart fan De Gordyk is de nije foarsitter fan stifting Fryske Alderenbûnen. Hy is de opfolger fan Albert Sipma fan Burgum. Swart is hikke en tein yn Fryslân en hat tal fan bestjoersfunksjes hân.

Sa wie er bestjoerder fan fakbûn CNV en wie er oant twa jier ferlyn wethâlder yn Zeist. Swart moat yn syn nije funksje soargje foar in goede gearwurking tusken de âlderenbûnen ANBO, PCOB en KBO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)