Ferkeap apparteminten stillein

05 maaie 2009 - 09:42

De ferkeap fan twa appartemintegebouwen yn it Sint Bonifatiuspark yn Ljouwert is stillein. Dat hat projektûntwikkeler Slokker Vastgoed moandei befestige. It giet om 28 apparteminten út de wat djoerdere priisklasse.

Dêr wiene al in pear fan ferkocht, mar de ferkeap fan de oare wenten bleau te folle achter. Oant de wenningmerk wêr oanlûkt wurde de twa appartemintekompleksen net boud. It projekt rint dêrtroch fertraging op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)