Min waar befrijingsrinners

© Omrop Fryslân
De rinners fan de Befrijingsestafette hawwe lêst fan it minne waar. De tritich rinners binne sûnt moandeitenacht tolve oere ûnderweis fan Wageningen nei Ljouwert. Gewoanwei rinne se yn groepkes fan twa dy't om de tweintich minuten wiksele wurde.
Fanwege it minne waar rinne de hurdrinners dit kear allinne, sadat der mear tiid is om út te rêsten. De estafetterinners wurde om ien oere yn de Prinsetún yn Ljouwert ferwachte.