Deadebetinking yn Fryslân

04 maaie 2009 - 22:53

Fryske boargemasters ha moandeitejûn yn har taspraak by de deadebetinking stilstien by it drama op Keninginnedei yn Apeldoarn. Boargemaster Crone fan Ljouwert fergelike de twa minuten stilte mei de stilte dy't der wie flak nei de oanslach werby't sân minsken om it libben kamen.

Op de betinking yn Damwâld sei boargemaster Aalberts fan Dantumadiel dat fjouwer maaie no noch mear betsjutting krigen hat sûnt de oanslach fan 30 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)