Nij parkearplak yn Harns

© Omrop Fryslân
Harns krijt der parkeargelegenheid by. It bedriuw Steemar dat spesjalisearre is yn de wettersport wol noch foar de simmer oan de Nieuwe Vissershaven in parkearplak oanlizze der't goed 100 auto's stean kinne.
Foarearst kin der allinnich yn de simmer gebrûk fan makke wurde. Yn de winter wol it bedriuw dêr boatsjes stalle. Oan de foarsjennings dêrfoar wurdt noch wurke.