Arla brûkt merk Friesche Vlag

04 maaie 2009 - 16:02
  • It Deenske bedriuw Arla sil suvel ferkeapje mei de Fryske flagge....

De Deenske suvelkoöperaasje Arla Foods mei de kommende tsien jier it merk Friesche Vlag brûke. Dat hat te krijen mei de oername fan suvelfabryk Nijkerk Dairy fan FrieslandCampina. En dy is it gefolch fan 'e fúzje tusken Friesland Foods en Campina yn 2008.

De Europeeske Kommisje bepaalde dat Nijkerk ferkocht wurde moast omdat FrieslandCampina oars te grut wurde soe. It giet om de produksje fan deifarske suvel lykas molke, kwark en yochert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)