IIsmaster De Jong ferstoarn

04 maaie 2009 - 14:35
  • IIsmaster Jan de Jong

De eardere iismaster fan Thialf Jan de Jong is ferline wike ferstoarn. De Jong begûn yn 1967 mei syn wurk by de keunstiisbaan op It Hearrenfean. De Jong hat oant it jier 2000 by Thialf wurke. Yn dy tiid waarden op Thialf sa'n 38 wrâldrekôrs riden.

Yn 2000 waard De Jong opfolge troch Beert Boomsma. It wurk fan De Jong hat foar Thialf fan bysûndere betsjutting west, sa seit syn opfolger Boomsma. Jan de Jong is 66 jier wurden. Hy is ôfrûne sneon kremeard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)