Brân by TRI is oanstutsen

Dizze útslaande brân is oanstutsen, sa seit de plysje
De brân yn 'e banne-opslach fan Total Recycling Industries yn Ljouwert is oanstutsen. Dat befestiget de plysje nei it besjen fan bylden fan in bewakingskamera. De plysje wol fierder neat oer de bylden sizze. By it recycling-bedriuw baarnde dit wykein in steapel autobannen ôf, der ûntstie dêrtroch foar inkele tsientallen tûzenen euro's skea.
By twa eardere brannen by it bedriuw toanden kamerabylden ek oan dat it om brânstifting gie.