Dútser stoarn troch hertoanfal

04 maaie 2009 - 13:54

De Dútser dy't snein dea fûn waard op de Iselmar by Makkum is nei alle gedachten stoarn troch hertproblemen. Dat hat de plysje moandei bekend makke.

De 39-jierrige ynwenner fan Duisburg waard sneintemiddei tsjin trijen driuwend njonken syn surfplank fûn. Omstanners hawwe besocht him te reanimearjen, mar dat is net slagge. De man koe letter identifisearre wurde, omdat syn freondinne him as fermist opjoech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)