Verburg stipet houtwâlen

04 maaie 2009 - 11:40

De boeren yn de Fryske Wâlden kinne miljoenen euro's subsydzje fan minister Gerda Verburg fan lânbou krije as se sunich binne op de houtwâlen, de lytse perselen greide en de elzesingels. Mei-inoar leit der tsien miljoen klear foar de Wâlden en it Grinslanner Westerkwartier.

Doel is om de boeren yn de gelegenheid te stellen om te buorkjen yn in lytsskalich lânskip. It jild makket ûnderdiel út fan 'e 146 miljoen dy't al beskikber is foar plattelânsbeleid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)