Soad bern mei rêchklachten

© Omrop Fryslân
Troch in ferkearde hâlding komme der hieltiid mear bern mei rêchklachten. Ek in soad folwoeksenen hawwe der lêst fan. Dêrom begjinne giropraktors mei de kampanje 'rechtjerug". Sy hawwe folders makke mei koarte oefeningen foar bern en folwoeksenen.
De kampanje is ûnderdiel fan in ynternasjonaal oefenprogramma dat gewrichtsklachten ferminderje moat. Rechtjerug begjint op 15 oktober mei in oefenmiddei foar goed 400 bern yn it Abe Lenstra Stadion.