Ljouwerter wint EK Pokerjen

04 maaie 2009 - 06:41
  • De Ljouwerter pokerkampioen Pieter de Korver

Pieter de Korver (26) út Ljouwert is snein yn Monte Carlo Europeesk kampioen pokerjen wurden. De Korver krige in bedrach fan 2,1 miljoen euro, mear as in Nederlanner ea op in pokertoernoai wûn hat.

De Ljouwerter einige foar 934 oare dielnimmers, dy't allegearre 10.000 euro betelle hiene om oan it toernoai meidwaan te meien. De Korver waard in jier lyn ek al kampioen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)