Sollied: 'play-offs bullshit'

Trond Sollied: net mei it sterkste team nei de play-offs (foto Martin de Jong)
As Sportklup Hearrenfean meidwaan moat om de play-offs, dan dogge se dat net mei de earste alvetalspilers. Dat sei trainer Trond Sollied nei ôfrin fan de wedstriid tsjin ADO Den Haach. Sollied jout syn spilers nei de bekerfinale fakânsje en lit dan in soad spilers fan de beloften meidwaan.
Hearrenfean moat meidwaan oan de play-offs as se as fiifde einigje en de bekerfinale ferlieze. Ynset is dan in plak yn de tredde foarronde fan de Europe League.