Wytmarsum wint Bangmapartij

03 maaie 2009 - 17:55

De iepening fan it keatsseizoen, de Bangmapartij yn Weidum, is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Wytmarsum. Yn in spannende finale tsjin Tsjummearum kaam alle hout oan de hang.

Op de stân fan 5-5 en 6-6 miste Tsjummearum-opslagger Arnold Zijlstra it perk. Wytmarsum keatste mei Klaas de Vries, Herman Sprik en Folkert van der Wei. De lytse preemjes yn Weidum wiene foar de partoeren fan Easterlittens, Goutum en Holwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)