Earste nammen festival Flylân

03 maaie 2009 - 14:00
  • Affisje fan it festival

De earste nammen fan de line-up fan it nije festival 'Into the great wide open' op Flylân binne bekend. Dat binne: Johan, Lay Low, Emiliana Torrini, The Veils en Alela Diane.

It nije popfestival foar alle leeftiden wurdt holden op 4 oant en mei 6 septimber op kamping Stortemelk op Flylân. It wurdt in kombinaasje fan popmuzyk en natuer en rjochtet him op gesinnen mei bern. Njonken popmuzyk wurdt der ek rom omtinken bestege oan byldzjende keunst en films.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)