Strjitrôf en mishanneling

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan 33 en 44 jier út Ljouwert binne sneontejûn oanholden foar strjitrôf en mishanneling. Om 20.00 oere hinne kaam in melding binnen by de plysje oer in strjitrôf op it Beursplein yn Ljouwert.
It sinjalemint fan de fertochten kaam oerien mei trije manlju, dêr't plysjes koart dêrfoar noch mei praat hiene. Dêrnei folge in melding dat it slachtoffer troch ien fan de manlju ek mishannele wie. Twa manlju binne oanholden. De tredde wurdt noch socht.