Feiling skilderijen yn Grou

Affisje by Hotel Oostergoo yn Grou
Yn Grou is de kommende wike in grutte eksposysje fan amateurskilders út Grou en omkriten. Mei it tema 'Gezicht op, aan of bij het water' kinne amateur-keunstskilders har wurk toane oan it grutte publyk.
It is foar de tritichste kear dat dizze eksposysje holden wurdt. Nij is dat der ek in feiling organisearre wurdt. Snein wurde 25 stikken, útkeazen as toppers troch it publyk, feild. De opbringst wurdt oermakke oan it Foppe-fûns.