Fernielings yn Surch

© Omrop Fryslân
Besikers fan in feestje oan de Ald Mar yn Surch ha sneontemoarn fernielings oanrjochte yn de tún fan de buorman. De 45-jierrige man hearde in heidensk leven foar syn wenning.
Doe't er bûten kaam, seach er dat syn túnstek, tagongspoarte, brievebus en foardoar fernield wiene. De plysje fûn parten fan it stek en de poarte yn de tún fan de buorlju. Twa manlju fan 21 en 32 jier binne dêr oanholden.