Lichem fermiste man fûn

02 maaie 2009 - 08:23

De plysje hat it lichem fûn fan de Dútser (42) dy't freed oerboard sloech op'e Koufurdermar. It lichem is sneon oan de ein fan de middei boppe wetter helle. De man út Ratingen hie mei trije buorlju in boat hierd. Hy foel by Jiskenhuzen yn it wetter.

Op 'e sonarbylden dy't de plysje sneon makke hat wie it lichem al te sjen. Neffens de trije oare Dútske manlju dy't freed oan board wiene, foel de 42-jierrige man yn it wetter doe't er oan it dûnsjen wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)