Van der Heide op de tribune

01 maaie 2009 - 23:30

SC_Cambuur-middenfjilder Sandor_van_der_Heide moast yn de wedstriid tsjin Eindhoven plaknimme op de tribune. Hy waard troch trainer Stanley_Menzo passearre. Nei ôfrin woe Menzo der neat oer kwyt. 'Dat is een kleedkamergeheim', sa liet de trainer witte.

Ferline wike hie Menzo in protte krityk op de middenfjilder nei de wedstriid tsjin Dordrecht. Dat liet hy fia Omrop Fryslân witte en dat lêste sit Van der Heide dwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)