SC Cambuur wis fan plak trije

01 maaie 2009 - 23:24

Sportklup_Cambuur is troch in 3-1 oerwinning op Eindhoven wis fan it tredde plak yn de kompetysje. De oerwinning moast fan fier komme en waard pas yn de slotminút feilich steld.

Yn de earste helte waard it 2-0 foar de Ljouwerters troch goals fan Jeffrey de Visscher en Ruud ter Heide. In strafskop fan Sjors Paridaans brocht de spanning werom: 2-1. Eindhoven krige nei it skoft de bêste kânsen, mar Rachid El Khalifi makke de 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)