Minút stilte foar wedstriid

01 maaie 2009 - 21:39

Yn ferbân mei it drama op Keninginnedei yn Apeldoarn, waard freedtejûn foar it begjin fan de thúswedstryd fan SC Cambuur tsjin Eindhoven ien minút stilte yn acht naam.

Datselde sil sneintemiddei barre by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin ADO Den Haach, út piëteit mei de slachtoffers dy't op Keninginnedei yn Apeldoarn fallen binne. Freed waard bekend dat de oanslach in sânde libben easke hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)