Michael Jansen nei FC Grins

01 maaie 2009 - 15:04
  • Michael Jansen ferlit Cambuur

SC Cambuur-ferdigener Michael Jansen spilet fan takom seizoen ôf foar FC Grins. Jansen hat in kontrakt foar twa jier tekene, mei in opsje foar noch in tredde jier. De linkerferdigener hie in kontrakt foar ien jier by Cambuur en is dus transferfrij.

Jansen spile oant no ta 34 wedstriden foar de Ljouwerters en skoarde dêryn twa kear. Earder kaam Jansen út foar Vitesse, Feyenoord en De Graafschap. Hy moat by FC Grins noch wol in medyske test trochstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)