Fries fermist yn Italië

01 maaie 2009 - 13:14
  • De fermiste Wicher Heerma út Nes (D)

Yn Italië wurdt de 63-jierrige Wicher Heerma út Nes, Dongeradiel fermist. Heerma wie dêr mei freonen op fakânsje. Ofrûne sneon rieden se mei twa campers efterelkoar oan.

Sa'n 100 kilometer boppe Pompeï kamen de freonen derachter dat Heerma net mear achter harren ried. Se ha socht en de lokale plysje ynskeakele. Mar fan Heerma en syn camper is gjin spoar. Neffens de famylje wie der mei Heerma neat oan 'e hân. Hy wie net oerspand of depressyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)