Lemster jonge mishannele

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling tongersdei op it Fedde Schurerplein op De Lemmer. In 16-jierrige jonge rûn dêr oer de frijmerk en boarte mei de wjerkeatsing fan it ljocht yn in krekt kochte spegel. Nei alle gedachten skynde hy dêrby in frou yn 'e eagen.
In man, dy't by de frou wie, spruts de jonge driigjend oan en pakte him by de kiel. De jonge hat dalik oanjefte dien. De plysje koe de dieder net mear achterhelje.