'V/d Heide net by seleksje'

Sandor van der Heide op tribune?
De kâns is grut dat SC Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide jûn op de tribune plak nimme moat tidens de wedstriid tsjin Eindhoven. De definitive seleksje wurdt freedtemiddei pas bekend makke, mar nei alle gedachten sit Van der Heide dêr net by.
Trainer Stanley_Menzo hie ferline wike nei de wedstriid tsjin Dordrecht stevige krityk op de Snitser. Dat Menzo dat fia Omrop Fryslân witte liet sit Van der Heide dwers.