Henri Veldman winner yn Norg

01 maaie 2009 - 10:05

Henri Veldman fan Bontebok wûn tongersdei de heale maraton yn Norg. De atleet wûn yn in fjild fan 130 dielnimmers nei 1 oere, 18 minuten en 15 sekonden. Veldman wie op de 21 kilometer fan Noard-Drinte fierwei de rapste, de nûmer twa, Albert Oldehinkel út Radwijk, kaam goed twa minuten letter oer de streek.

Oar Frysk atletyk sukses wie der yn Meppel foar Stefan Postma út De Blesse. Hy wie de winner fan de 8 km mei in tiid fan 29 minuten en 1 tel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)