Switser yn finale Liet 2009

30 apr 2009 - 16:52

Rob du Jardin is ien fan 'e meast opfallende finalisten fan it Fryske sjongfestival Liet 2009. Du Jardin komt út Switserlân, wennet yn Amsterdam en hat Frysk leard. Op de finale fan Liet 2009 sjongt er it liet 'Dit is myn heitelân'.

De oare finalisten fan Liet 2009 binne Sipke en Sjoukje de Boer, It langstme en de dea, DeRoels, Carolien Hunneman, Ebele Wybenga, Jouke Douwe de Vries, Yldou en Wiebe, Janna Eijer en Anne Ruurd Oosterwoud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)