Soad aktiviteiten ôfsein

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean hat de festiviteiten fan Keninginnedei ôfsein. De muzyk op in poadium yn it sintrum is middeis om kertier foar fjouweren útset. De kroegen geane ticht.
De jûnsoptocht yn Beetstersweach giet net troch en itselde jildt foar it fjoerwurk yn Dokkum en foar it jûnsprogramma yn Boalsert en Kollum. Ek de Oranjekonserten op It Hearrenfean en Burgum binne ôfsein.