Problemen boubedriuw Buwalda

© Omrop Fryslân
Der binne grutte problemen by boubedriuw Buwalda. It bedriuw mei festigings yn Snits, Skettens en Burgum, soe op it punt stean om it fallisemint oan te freegjen.
De fyftich wurknimmers fan it bedriuw hawwe al wiken gjin jild mear krigen en binne ôfrûne tiisdei nei hûs stjoerd. De fakbûnen meitsje harren grutte soargen. It fallisemint soe op 12 maaie útsprutsen wurde.