Friezen siik werom út Meksiko

© Omrop Fryslân
Fjouwer Friezen hawwe harren ferline wike by de Helpferlieningstsjinst Fryslân melden, omdat se net goed wurden wiene nei weromkomst út Meksiko. Dat meldt dokter Peter van der Tas fan 'e GGD. Nei in tillefoanyske skreening die bliken dat alle fjouwer net de Meksikaanske gryp ûnder de leden hiene.
Dokters en ferpleechkundigen fan Helpferlieningstsjinst Fryslân steane lykwols klear as der wol Friezen besmet reitsje mei de Meksikaanske gryp.