Drok oerlis oer Keninginnedei

30 apr 2009 - 14:52
  • Drokte op de Ljouwerter frijmerk. Jûnsaktiviteiten wurde mooglik skrast

Ferskate gemeenten en Oranjekomitees yn Fryslân beprate op dit stuit oft de feestlikheden op Keninginnedei ôflast wurde moatte of net. Yn Ljouwert oerlizze op dit stuit de gemeente en de plysje oer wat der barre moat.

Se ha ôfpraat yn elk gefal de parsekonferinsje ôf te wachtsjen, dy't om kertier foar fjouweren yn Apeldoarn begjint. Ek de gemeenten Hearrenfean en Boalsert oerlizze oer hoe't it fierder moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)