Gentenaar yn byld by Cambuur

30 apr 2009 - 14:14

Keeper Dennis_Gentenaar is yn byld om by SC_Cambuur opfolger te wurden fan Peter van der Vlag. Direkteur Alex Pama hat dit befêstige. Ek Erwin Mulder (Excelsior) en David Meul (Fortuna Sittard) steane op de list.

Gentenaar en Mulder wachtsje lykwols earst ôf oft Cambuur takom jier yn de earedivyzje spilet. Beide keepers wolle graach op it heechste nivo spylje. Gentenaar is op dit stuit tredde keeper by Ajax, Mulder wurdt troch Feyenoord ferhierd oan Excelsior.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)