Paraat wêze foar grypútbraak

© Omrop Fryslân
Dokters en ferpleechkundigen fan Helpferlieningstsjinst Fryslân kinne fuortendaliks yn aksje komme at der Friezen besmet reitsje mei de Meksikaanske gryp. Dat seit Jan Bleeker, it haad fan 'e ôfdieling Sûnenssoarch fan Helpferlieningstsjinst Fryslân.
De organisaasje hat sûnt ferline wike sneon it protokol klear wat der barre moat by de gryp. Apoteken yn Fryslân hawwe op't stuit ek al de medisinen yn hûs.