Ynsidint Apeldoarn grutte skok

Dizze auto ried by Apeldoarn op it publyk yn. Dat soe mooglik mei opsetsin bard wêze.
It slimme auto-ûngelok by Keninginnedei yn Apeldoarn is in grutte skok foar organisaasje en publyk. Foarsafier no bekend binne by it ûngelok fjouwer minsken om it libben kommen en santjin minsken ferwûne rekke. It ûngelok ûntstie trochdat in swarte auto it publyk ynried. De autoriteiten hâlde earnstich rekken mei in oanslach.
De keninklike famylje wie fan harren bus ôf tsjûge fan it ûngelok. It programma is gelyk stillein.