H&I wol ûndernimmersfûns

30 apr 2009 - 11:23

Winkeliersferiening H&I yn Drachten pleitet foar in ûndernimmersfûns yn Smellingerlân. Dit om de kosten foar aktiviteiten en promoasje fan it Drachtster sintrumgebiet earliker te ferdielen. No betelje de 136 leden fan H&I bygelyks de Sinteklaasyntocht en de feestferljochting yn desimber.

In soad grut winkelbedriuwen betelje no net mei. Troch reklamebelesting yn te fieren of in ektra bydrage boppeop de ûnreplik saakbelesting te heffen kin der jild yn in fûns stoart wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)