Gemeentehûs foars djoerder

29 apr 2009 - 18:26

De nijbou fan it gemeentehûs fan Achtkarspelen falt goed in heal miljoen euro djoerder út as tocht. Kieze de riedsleden foar ekstra isolaasje dan komt dêr nochris ien miljoen euro by.

It gemeentekantoar moat ferboud wurde om't der fierstente min romte is foar de amtners. Ek foldogge de publyksromtes net mear oan de easken fan dizze tiid. De ried nimt ynkoarten in beslút oer it budzjet foar de ferbouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)